058-7890789 gruttepierdefamylje@tresoar.nl

Dizze webside diele

Grutte Pier ‘DE FAMYLJE’ is in grutte syktocht nei de neiteam fan de legindaryske Fryske frijheidsstrider Grutte Pier. Elkenien yn Fryslân, Nederlân en dêrbûten wurdt oproppen om út te sykjen oft hy/sy famylje is fan Pier. Ferwanten wurde offisjeel tafoege oan DE FAMYLJE en wurde útnoege op De Grutte Pier Famyljedei op snein 19 juny 2016 yn Kimswert. De Grutte Pier Famyljedei is foar famylje, oanhing en oare belangstellenden.

Hoe mear De Famylje groeit hoe tichterby de grutte dei komt: Op Heitedei, snein 19 juny 2016 fan 11.00 oant 17.00 oere komme alle ferwanten fan Grutte Pier byelkoar yn Kimswert foar de Grutte Pier Famyljedei. It wurdt in bysûndere en feestlike dei mei in offisjele ûntfangst troch Grutte Pier, de Grutte Pier Famyljefoto, en in programma foar jong en âld en ta lering en fermeits! Yn de âlde doarpskearn kinsto in reis troch it ferline meitsjen. ûntdek wêrsto foarâlders wenne hawwe, lear oer de striid fan Grutte Pier en meitsje kennis mei Fryske sporte en gewoanten lykas keatsen, klune of griene tstiis meitsje. En tink derom: yn it mobile ûndersykssintrum kinne dizze dei de lêste kertiersteaten ynlevere wurde, want faaks bisto der ek ien fan…?

Tagong foar Famylje en ynwenners fan Kimswert is fergees en hja hoeche har net oan te melden. Oanhing en oare belangstellenden € 3,50.

Online kaartferkeap start op 11 maart 2016. Kaarten binne ek te keap op de dei sels by de kassa op lokaasje.
Gean foar kaartferkeap nei de webside fan Peergroup (Locatietheater Noord Nederland).

Grutte Pier ‘DE FAMYLJE'

Bewiis it op Facebook!

Tinksto datsto der ek ien bist fan Grutte Pier of kensto immen fan wa dat sûnder mis sa is?
Dan sjogge wy graach in bewiis fan dyn besibbens op in orizjinele wize pleatst op ús Facebookside.

Dat kin lyk as it lûdsfragmint wêze, mar dat hoecht fansels net!

Lûdsfragmint beharkje

Folgje ús op Facebook